Matthijssen pakt 13e NK-titel

22 sep 2013 - 15:41

Sydspankoereur William Matthijssen hat snein yn Aduard syn 13e nasjonale titel gersbaanrace op 'e namme skreaun. Matthijssen ried tegearre mei Sandra Mollema, om't syn sus Nathalie noch blessearre is. Yn Aduard ried it twatal mar ien manche, om't de wedstriid dêrnei stillein waard.

It Iepen NK gersbaan krige in swart rântsje nei in swier ûngelok yn de shorttrack-klasse. Dêrby rekken Youri de Vries út Drachten, Maikel Dijkstra fan De Jouwer en Stefan Damhuis út Steenwijkerwold ferwûne. De trije koereurs binne nei it sikehûs brocht.

Hoe't it mei de trije manlju giet, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)