Mear sprekoeren yn Hearrenfean

22 sep 2013 - 15:31

Ynwenners fan de gemeente Hearrenfean kinne fan 1 oktober ôf op ien loket fragen stelle oer saken dy't te krijen ha mei wurk, ynkommen en soarch. It projekt Omtinker wie de lêste twa jier al op It Hearrenfean, mar wurdt no útwreide nei de hiele gemeente, ynklusyf de doarpen yn Boarnsterhim, dy't troch de weryndieling by de gemeente komme. Troch de Omtinkers yn de gemeente hopet de gemeente minsken út har isolemint te heljen en te stimulearjen dat minsken harsels rêde kinne.

De Omtinkers hâlde yn it lêste fearnsjier fan 2013 sprekoeren yn de ferskate wiken en doarpen om te fernimmen wat der libbet ûnder de ynwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)