Netwurk fan waadkuiers klear

Logo Waddenwandelen
Goed 1200 kilometer oan kuierpaden yn it Waadgebiet binne fêstlein yn it projekt Waddenwandelen. Dat wurdt snein 29 septimber yn Grinslân iepenbier makke. Fiif jier is der oan wurke, hûnderten frijwilligers ha tal fan kilometers rûn. It projekt is in inisjatyf fan de lânskipsbehearen fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân en foar it grutste part betelle út it Waadfûns. De rûtes binne keppele oan de rike kultuerhistoarje en moatte it gebiet in ympuls jaan op sosjaal-ekonomysk mêd. It netwurk wurket mei knooppunten en bestrykt 18 Waadgemeenten.
Op de webside www.waddenwandelen.nl en de gratis app kinne kuierders sels in rûte betinke of kieze út ien fan de 14 deikuiers.