Nominaasjes sporthelden frege

22 sep 2013 - 12:53

Dantumadiel en Dongeradiel kieze ek dit jier har sporthelden fan 2013. Yn Dantumadiel bart dat foar de twadde kear, yn Dongeradiel foar de fjirde kear. Yn dy lêste gemeenten kinne ynwenners kandidaten nominearje. De kategoryen binne sportman en sportfrou, sportploech en sporttalint.

Dantumadiel freget alle sportferienings yn de gemeente om nominearden foar te dragen. Ek hjir kinne ynwenners sporters en teams oanmelde. Yn beide gemeenten wurdt ek noch in kultuerpriis útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)