Bestjoerder pakt mei drugs op

Plysjejas © ANP
De plysje hat sneontejûn it rydbewiis fan in 22-jierrige man út Frjentsjer yn beslach naam om't er mei drugs op achter it stjoer siet. Op de Ryksstrjitwei by Sweins hold de plysje in kontrôle. Ek de Frjentsjerter krige in stopteken, mar hy ried troch. Pas op it alderlêste momint gie er boppe op de rem stean. De bestjoerder makke in ferwarde yndruk op de plysjes. Se hiene it idee dat er drugs brûkt hie.
Yn syn auto fûnen se in wikkel dêr't harddrugs yn sieten hie. De bestjoerder moast mei nei it buro, dêr't er proses-ferbaal krige.