Man ferwûne nei oanriding

22 sep 2013 - 10:42

In 57-jierrige man út Drachten is sneontejûn ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. It slachtoffer fytste oer it fytspaad njonken de Noarderdwersfeart. Neffens tsjûgen slingere er bot. Ynienen fytste de Drachtster de dyk op. In 23-jierrige autobestjoerder koe him net mear ûntwike. It slachtoffer foel en rekke bewusteleas.

Omstanners hawwe earste help ferliend, dêrnei is de man mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Nei alle gedachten hie de Drachtster dronken.

Trefwurden: 
oanriding ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)