Nij lûdsûndersyk Teeling

Gemeente Dantumadiel
De gemeente Dantumadiel moat in eigen lûdsûndersyk dwaan by Teeling Petfood yn Feanwâlden. Dat hat de Ried fan Steat tongersdei bepaald. De gemeente hat wol goed hannele by it wegerjen om de miljeufergunning te feroarjen.
Omwenners kleie noch altyd oer stank-en lûdsoerlêst fan it fabryk dat bistefretten makket. Dêrom sil de gemeente op eigen inisjatyf in ûndersyk nei de stank útfiere litte. Earder wiene se ôfgien op in ûndersyk fan it bedriuw, mar neffens de rjochter hie dat net moatten.