Tredde ferlies Drachtster Boys

21 sep 2013 - 16:34
  • Drachtster Boys

Foar Drachtster Boys wienen der sneon op 'e nij gjin punten. Yn Harderwijk giene se mei 1-0 ûnderút tsjin VVOG. Foar rêst krige de thúsploech de bêste kânsen, mar de Drachtsters holden de boel achter goed ticht. Nei rêst krige de ploech fan Fred de Boer mear grip op 'e wedstriid, wat resultearre yn in pear knappe kânsen. De iennige treffer foel lykwols oan 'e oare kant. De Drachtsters gongen noch al op jacht nei de lykmakker, mar it slagge net om it earste punt yn de haadklasse C te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)