Kampanje fan CDA en PvdA

21 sep 2013 - 12:27

Politike kopstikken fan de PvdA en CDA wienen sneontemoarn beide yn Fryslân. Diederik Samsom fan de PvdA en Sybrand van Haersma Buma fan it CDA wiene op It Hearrenfean om stimmen te winnen foar de gemeenteriedsferkiezings yn novimber. Op trije plakken binne der ferkiezings. Samsom melde dat hy noch altyd gjin beslút nommen hat oer de komst fan de JSF. Hy wol earst dat der dúdlikheid komt oft mei de 37 tastellen de missys útfierde wurde kinne. Van Haersma Buma sei dat de hege wurkleazens en de hege belestingen de grutste problemen foarmje.

Trefwurden: 
CDA PvdA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)