Soad drugs yn Ljouwert fûn

21 sep 2013 - 11:23

De plysje hat freedtenacht in flinke partij drugs fûn yn in wenning oan de Antillenweg yn Ljouwert. Buertbewenners hiene de plysje warskôge fanwege lûdsoerlêst. Doe't de plysjes oankamen by de wenning, hearden se in pear lûde knallen en geraas fan ien. Yn it hûs trof de plysje kokaïne, wiet en GHB oan. Letter is ek noch in jerrycan mei GBL fûn, in grûnstof fan GHB. De drugs binne yn beslach naam. De 46-jierrige bewenner is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)