Kollumer oppakt nei ûngelok

Ungelok Kollum © Jan Beets
De plysje hat freedtemiddei in 19-jierrige automobilist út Kollum oanhâlden nei in ûngelok. Hy wurdt fertocht fan fernieling en it riden ûnder ynfloed fan drugs. De plysje hie in melding krigen fan in autobrân yn Kollum. In auto wie tsjin in beam botst en dêrnei yn 'e brân flein. Doe't de plysje mei de bestjoerder prate, krigen se de yndruk dat er drugs brûkt hie. Boppedat hie de plysje te hearren krigen dat er earder op de dei in rút fernield hie fan de wenning fan syn âlden.
De Kollumer is oppakt en meinaam nei it buro. Dêr is in bloedproef ôfnaam en krige er proses-ferbaal. Hy mocht freedtejûn wer nei hûs ta.