Jonge falt yn Ljouwerter grêft

Plysjejas © ANP
Opfarrenden fan in Dútsk skip hawwe freedtejûn by de Oosterkade yn Ljouwert in 16-jierrige jonge út it wetter helle. De jonge wie mei in pear maten op stap west yn de stêd. Doe't er oer de Oosterkade rûn, moast er pisje. De jonge hie sa folle dronken, dat er syn lykwicht ferlear en yn it wetter foel. Dêrby rekke er in boat. De opfarrenden koene de jonge mei help fan omstanners út krije. De jonge rekke ferwûne oan de holle en moast nei it sikehûs.