Kontrôles by spoaroergongen

20 sep 2013 - 20:40
  • NS-trein

Fryske jongeren dy't mei koptillefoan op yn it ferkear betrape wurde, kinne de kommende tiid strangere kontrôles en boetes ferwachtsje. Alteast at it oan ProRail leit. Bûtengewoane opspoaringsamtners fan de spoarbehearder sille de kommende tiid yn it hiele lân mear by spoaroergongen en skoallen kontrolearje. De maatregel makket ûnderdiel út fan in lanlike kampanje fan ProRail. Oanlieding is dat der hieltyd mear deadlike slachtoffers ûnder de jeugd falle.

In soad jongeren brûke de mobile tillefoan ûnder it fytsen, wylst se ek nei muzyk op in koptillefoan harkje. De kâns op ûngelokken giet dêrmei mei 40 prosint omheech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)