1300 gasten op ambassade

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Der ha fannewike meiïnoar 1300 minsken te gast west yn de Fryske ambassade yn Den Haach. Dy wie dêr ynrjochte fanwege it Prinsjesfestival, dêr't tenei alle jierren ien fan de provinsjes sintraal stiet. Fryslân wie as earste oan bar. Meast súksesfol wie de Frysk-kulinêre dei freed, mei 500 besikers. Dy koene dêr ûnder oare priuwe fan typysk Fryske produkten lykas sûkerbôle, droege woarst en bearenburch. Dêr waard ek in soad fan ferkocht.