'Omrop selsstannich bliuwe'

Omrop Fryslân moat selsstannich bliuwe. Dat seit deputearre Jannewietske de Vries yn reaksje op it plan fan de NPO -de Nederlandse Publieke Omroep- om alle regionale omroppen opgean te litten yn de lanlike omrop. De regionale omroppen soene dan oanstjoerd wurde troch de NOS. Dat giet streekrjocht yn tsjin de plannen dy't de regionale omroppen hawwe foar de takomst.
Dy wolle sels ferantwurdlik bliuwe foar har sjoernalistike produkt. Deputearre de Vries fynt ek dat Omrop Fryslân sels foech hâlde moat.
De Twadde Keamer hat ferskate moasjes oannaam oer de bysûndere posysje fan Omrop Fryslân yn it publike omropbestel. De Vries giet der fanút dat ferantwurdlik steatssiktaris Dekker dy moasjes útfiere sil.