Akademy foar popkultuer groeit

20 sep 2013 - 17:56

Der is in groeiend tal studinten oan de akademy foar popkultuer yn Ljouwert. Tsien jier bestiet de oplieding no. En der wurde net allinnich muzikanten ôflevere, ek teatermakkers, platemanagers en ûndernimmers. Ryk wurde yn de muzyk is dreech, mar jo eigen broek ophâlde, dat is dochs wat de measten wol slagget, mei in diploma fan de Academie voor Popcultuur.

Nije wike wurdt it 10-jierrich jubileum fan de akademy wiidweidich fiert mei ferskate konserten en oare aktiviteiten, lykas in eksposysje en in symposium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)