NPO wol ien publike omrop

20 sep 2013 - 16:25
  • Omrop

De Nederlânske Publieke Omrop NPO wol alle regionale omroppen opgean litte yn dy NPO. Dat soe betsjutte dat ek Omrop Fryslân opheft wurdt. De NOS kin dan bygelyks de regionale nijsferslachjouwing oernimme. Dizze plannen fan de NPO steane yn in brief oan steatssiktaris Sander Dekker fan Underwiis en Kultuer.

It brief stiet fier ôf fan de ideeën dy't de regionale omroppen sels hawwe oer de takomst. Sy wolle de eigen sjoernalistike ferantwurdlikens oerein hâlde. Direkteur Koster fan Omrop Fryslân is 'ferbjustere' oer it brief fan de NPO.

Direkteur Jan Koster neamt de opstelling fan NPO ûnakseptabel. ROOS, de klup fan regionale omroppen, easket dat it NPO it brief ynlûkt. Sa net, dan wolle de regionale omroppen net fierder mei NPO ûnderhannelje. Steatssektaris Dekker fynt dat de regionale en de lanlike omroppen yn 2016 gearwurkje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)