FNP wol ambassade hâlde

20 sep 2013 - 15:58

Fryslân moat in eigen permaninte fertsjintwurdiging krije yn Den Haach. Dat wol de FNP. Neffens de partij wie de tydlike ambassade dizze wike yn de hofstêd sa'n sukses dat it inisjatyf foaral trochgean moat. Neffens de FNP krije je mei in eigen fertsjintwurdiging in folle gruttere stim yn de beslútfoarming. Ek is it goed foar de hannel mei Fryslân.

Op it stuit wurdt de lobby benammen dien troch it SNN, it gearwurkingsferbân Noard Nederlân. Dat hat der wolris oan, fynt de FNP. In eigen gesicht is en bliuwt wichting, fynt de partij.

De FNP komt meikoarten yn de Steaten mei in plan foar in eigen Fryske fertsjintwurdiging yn Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)