Hearrenfean fit foar Roda JC

20 sep 2013 - 15:29

SC Hearrenfean soe dit wykein samar de koprinner fan de earedivyzje wurde kinne. As de ploech sels wint fan Roda JC en de konkurrinsje (PSV en PEC Zwolle) litte punten lizze, dan stiet Hearrenfean boppe-oan.

Trainer Marco van Basten: 'Dat zou mooi zijn, maar ach het zou ook mooi zijn als we de Champions League winnen.' Van Basten kin beskikke oer in sa goed as folsleine seleksje. Kristoffer Nordtfeld is wer hersteld en stiet nei alle gedachten wer op doel. Allinnich Mitchell Dijks is skorst. Van Basten woe neat sizze oer de opstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)