Undersyk nij Cambuurstadion

De gemeente Ljouwert en Sportklup Cambuur hawwe ôfpraat dat de kommende wiken útsocht wurdt oft de bou fan in nij Cambuur stadion helber is. Cambuur is al in pear jier dwaande mei plannen yn Ljouwert, mar oant no ta slagget it net om ta in útdragen saak te kommen.
Undersocht wurdt wat de lokaasje fan in nij stadion wêze kin en oft Cambuur genôch ynvestearders fine kin foar de bou en in sûne eksploitaasje. Dat seit sportwethâlder Ekhart fan de gemeente Ljouwert. Cambuurfoarsitter Smit wol noch net reagearje.