Kredytbank brûkt crowdfunding

20 sep 2013 - 12:32

Kredietbank Nederland yn Ljouwert is as earste bank yn Nederlân begûn mei crowdfunding. Twa kear hat de bank no mei sukses in ton ophelle op crowdfundingsite geldvoorelkaar.nl. De bank oerwaget dêrom om as folgjende stap 5 ton op te heljen.

De kredytbank helpt partikulieren om út de skulden te kommen. Crowdfunding komt neffens direkteur Jaarsma goed fan pas as alternative jildboarne. De kredytbank hat sels mar 2 miljoen oan eigen fermogen en is fierder ôfhinklik fan gemeentes, en dy binne hjoeddedei hiel sunich.

Trefwurden: 
crowdfunding Kredietbank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)