Europa fersmyt minderhedeaksje

Der komt gjin Europeeske hantekenaksje foar de rjochten fan de minderheden yn Europa. De Europeeske kommisje hat it boargerinisjatyf Minority SafePack fan de Ried fan de Fryske Beweging en minderhede-organisaasje FUEN ôfwiisd. It plan wie om yn hiel Europa ien miljoen hantekens op te heljen. De inisjatyfnimmers woene sa berikke dat de Europeeske Uny de minderheden better beskermet en mear rjochten jout.
Siktaris-generaal Barroso hat de inisjatyfnimmers wite litten dat dit boargerinisjatyf bûten it foech leit fan de Europeeske kommisje.
Neffens Barroso is der 'gjin wetlike basis' yn de Europeeske ferdragen om de foarstellen fan it Minority SafePack út te fieren. Minderhede-organisaasje FUEN is min te sprekken oer de reaksje fan de Europeeske Kommisje. Neffens foarsitter Hansen hat de Europeeske kommisje it boargerinisjatyf ôfwiisd út politike motiven. De FUEN wol no ûndersykje oft de ôfwizing fan it boargerinisjatyf ek oanfochten wurde kin. Hansen is fan betinken dat de Europeeske kommisje minderhede-organisaasje FUEN 'as in lyts bern' behannelet en neamt dat 'ûnakseptabel'.