Help oan begjinnende winkellju

19 sep 2013 - 21:24

Undernimmers dy't yn Dokkum in winkel begjinne wolle, kinne dêr help bij krije. Makelders en eigeners fan geskikte lokaasjes biede har legere hieren of hieren dy't ôfstimd wurde op de omset, of oantreklike keapsommen.

De ûndernimmersferiening jout tips en advizen. En de gemeente Dongeradiel begeliedt de nije winkellju bij it oanfreegjen fan fergunnings en it opstellen fan ûndernimmersplannen. It plan om startende winkellju op paad te helpen is ien fan de projekten fan it binnenstêdsmanagement fan Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)