Brêge Warns twa moanne ticht

19 sep 2013 - 21:22

De brêge fan Warns is begjin takom jier minder lang stremd fanwege ûnderhâld as at earder pland wie. Dat hie fiif moanne wêze sillen, mar dat wurdt twa moanne. Dat beslút is naam omdat de Johan Willem Frisoslûs yn Starum yn dyselde tiid ek bûten gebrûk is. Dat duorret oant en mei april. Omdat sawol de brêge as de slûs buten bedriuw binne, is it gebiet tusken Warns en Starum net oer wetter te berikken.

Omdat dat net in ideale situaasje is, is besjoen oft it wurk oan de brêge yn tiid beheind wurde kin.

Nei oerlis mei de oannimmer hat bliken dien dat dat mooglik is.

Trefwurden: 
brêge Warns Johan Frisoslûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)