Poppoadium Iduna sil ferbouwe

Poppoadium Iduna yn Drachten begjint ynkoarten mei in ferbouwing. De plannen dêrfoar binne goedkard en de gemeente Smellingerlân hat der ek jild foar beskikber steld. Iduna wol in ferskaat oan programma's bringe en de organisaasje fierder professionalisearje, mar dat kin net yn it hjoeddeiske gebou. Dat krijt mei de ferbouwing in oare yndieling. It poadium wurdt oanpast en der komme oare klaaikeamers. Fierder krijt it gebou in klimaatbehearskingssysteem. De ferbouwing begjint yn oktober en moat takom maaitiid klear wêze.