Caravana no al hast fol

19 sep 2013 - 19:39

De kampearbeurs Caravana 2014 yn it WTC Expo yn Ljouwert ein jannewaris is al foar 95% folboekt. Neffens de organisaasje is dat in flinke stiging fergelike mei de foarige edysje.

Hieltiten mear bedriuwen út binnen- en bûtenlân brûke de Caravana om har nijste produkten sjen te litten. It is mei goed 400 eksposanten de grutste kampearbeurs fan Nederlân. Op de edysje fan dit jier kamen hast 45.000 besikers ôf.

Trefwurden: 
WTC Expo Caravana
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)