Fúzje Van Vuuren en BPZ

19 sep 2013 - 16:07

It doarrebedriuw Van Vuuren yn Grou fusearret mei BPZ yn Tynaarlo. Dat is in bedriuw dat spesjalisearre is yn hing- en slútwurk. BPZ is dêr merklieder yn yn it noarden en easten fan Nederlân. Van Vuuren is de lêste jierren ek flink groeid. Troch de bondeling fan de aktiviteiten kin dy liedende posysje fan beide bedriuwen fierder fersterke wurde, is de ferwachting. Troch de fúzje ûntstiet in organisaasje mei hûndert meiwurkers en in lanlike dekking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)