Zonderland hast klear foar WK

19 sep 2013 - 15:21

Turner Epke Zonderland makket him op foar it WK turnjen yn Antwerpen, dat oer oardel wike begjint. Dit wykein hat er noch in trainingskamp en dat komt goed út, want Zonderland is noch net hielendal fit. De turner komt opnij mei in nije oefening op de rekstôk. Yn syn gouden oefening op de Olympyske Spelen yn Londen yn 2012 kombinearre er trije flechteleminten en die er op it lêst noch in los flechtelemint. No kombinearret Zonderland twa kear twa flechteleminten. Neist de rekstôk hat er him ek pleatst foar it ûnderdiel brêge.

It WK turnjen begjint op moandei 30 septimber en duorret oant en mei snein 6 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)