Hast ûngelok nei min tarieden

19 sep 2013 - 12:56

In Amerikaanske strieljager en in Fokker 70 fan KLM binne ferline jier hast meiinoar yn botsing kaam trochdat de militêre oefening Frisian Flag fan de fleanbasis Ljouwert net goed tared wie. Dat seit de Onderzoeksraad voor de Veiligheid. It organisaasjeteam fan de Ljouwerter basis hold gjin rekken mei de oanwêzichheid fan sivyl loftferkear. It ynsidint spile him ôf boppe Dútslân. De oefenlieding krige pas tidens de oefening ynformaasje oer passazjiersflechten. Militêren joegen dy ynformaasje troch mar fierdere maatregels bleaunen út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)