Cambuur yn deselde opstelling

Cambuur spilet de útwedstriid freed tsjin Go Ahead Eagles nei alle gedachten yn deselde opstelling as ôfrûne sneon, doe't mei 2-0 wûn waard fan Heracles. Lucas Bijker hie wat hinder fan de ljist en Michiel Hemmen fan de hamstring, mar beide kinne wol spylje. Foar trainer Dwight Lodeweges is Go Ahead in spesjale tsjinstanner. Lodeweges begûn by de klup út Deventer as spiler en hy hat der ek trainer west.
Sawol Cambuur as Go Ahead Eagles is debutant yn de earedivisie. Beide klups dogge it mei 8 punten út 6 wedstriden goed.