Natoerbehear moat meibetelje

Natoerbehearders lykas it Fryske Gea moatte aanst sels meibetelje oan de oankeap fan nije natoer. Dat stiet yn it Natuurpact dat woansdei ôfsletten is tusken it Ryk en de provinsjes. Hoefolle de natoerbehearders sels betelje moatte, is ôfhinklik fan hoefolle der mei de nije natoer fertsjinne wurde kin. Hoe't dat jild fertsjinne wurde moat, is lykwols noch net dúdlik.
Oan't no ta waard de oankeap fan nije natoer folslein betelle troch subsydzjes. Yn de praktyk betsjutte dat ek dat natoerorganisaasje de grûn eins net mear ferkeapje koenen.
Ek de ferkeapmooglikheden feroarje mooglik at in natoerbehearder sels jild stekt yn de oankeap fan nije natoer, sa tinkt direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea. In oar gefolch fan de nije natoer-ôfspraken tusken it Ryk en de Provinsjes is dat der tûzenen nije banen ûntsteane, is de ferwachting. Direkteur De Vries is benijd wêr't al dy banen weikomme moatte. Hy tinkt dat foaral de ynrjochting fan nije natoer banen opsmite sil.