Fryske leararen stake yn Utert

26 jan 2012 - 14:08

Lege skoalbanken op tal fan Fryske middelbere skoallen tongersdei. Dat komt om't mear as 700 Fryske dosinten stake yn de Jaarbeurs yn Utert. Se binne it net iens mei de plannen foar it ûnderwiis fan minister Marja Bijsterveldt.

Se stake ûnder oaren tsjin it koarter meitsjen fan de simmerfakânsje en de 1040-oerenoarm. Neffens de dosinten ferbetteret it ûnderwiis net troch in soad lesoeren, it soene krekt minder wurde moatte.

Trefwurden: 
staking ûnderwiis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)