Boek oer Redmar Smedema

Yn april fan dit jier komt der in boek út oer Redmar Smedema, de jonge dy't yn 2010 ferstoar neidat er op stap west hie yn Club Q by Noardburgum. Heit Cees Smedema hat it hiele proses om de dea fan syn soan hinne opskreaun. Dat hat safolle materiaal opsmiten dat it no yn eigen behear yn boekfoarm útkomt.
Per boek bliuwt der nei alle gedachten in pear euro oer en dat wol Cees Smedema brûke om in oplieding te dwaan foar rou-terapy en dan rjochte op rouferwurking by jongerein.