Minder wurkleazen yn Fryslân

It giet stadichoan better mei de wurkgelegenheid yn Fryslân. It tal wurkleazen is de ôfrûne moanne mei 300 weromrûn nei dik 17.000. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Der wie mear wurk yn de bou, de saaklike tsjinstferliening en de yndustry. Der is sprake fan in trendbreuk, want Fryslân docht it folle better as de Rânestêd. Gewoanwei is dat krekt oarsom.