Kening te gast yn Easterwâlde

19 sep 2013 - 11:26

Kening Willem-Alexander bringt tiisdei 8 oktober in besite oan ferpleechhûs Stellinghaven yn Easterwâlde. Stellinghaven wûn yn maaie in Appeltje fan it Oranje Fonds mei it projekt 'Gluren bij de Buren'. Dat projekt is bedoeld om jongere en âldere generaasjes byinoar te bringen.

De kening bringt dêrom in wurkbesite oan Stellinghaven en sil dêr yn petear gean mei bewenners en mei learlingen fan basisskoalle Tussen de Singels oer it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)