Blessuere bobslider Jansma

19 sep 2013 - 11:10

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein hat woansdei in blessuere oprûn oan it kût. De blessuere komt op in ûngelokkich momint, want Jansma docht mei oan de kwalifikaasjetests. Op dy wize woe er him pleatse foar dielname oan de Olympyske Spelen yn Sotsji. De kommende dagen moat bliken dwaan hoe slim de blessuere is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)