Ek dioxine yn molke oantroffen

19 sep 2013 - 10:29
  • Kij yn de stâl (stockfoto)

Neist dioxine yn aaien is der ek dioxine yn molke oantroffen yn de omkriten fan de ôffaloven yn Harns. De stifting Afvaloven Nee hat ynformaasje dêroer oerdroegen oan de NVA, de gemeente Harns en de provinsje. Ut ûndersyk troch Plant Research International docht bliken dat de konsintraasje dioxines yn de molke fan in boer yn Pitersbierrum mei 32 prosint omheech gien is sûnt de ôffaloven yn gebrûk is. Dat is lykwols noch ûnder de tasteane noarm. De stifting freget de gemeente Harns om de ôffaloven stil te lizzen.

Neffens in saakkundige, ferbûn oan Afvaloven Nee, is der in ferbân tusken de periodes fan storing yn de oven en it ûntsnappen fan dioxines. Fierder pleitet de stifting foar permaninte mjitting fan it útstjitten wannear't de ôffaloven yn gebrûk is. Dioxine kin yn de grûn sitte. Fierder ûndersyk is dus needsaaklik om de ferbannen te lizzen. De melkfeehâlder yn Pietersbierrum is fernuvere oer it ûndersyk en seit de útslaggen noch net te kennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)