Sebrapaad yn kleuren reinbôge

19 sep 2013 - 10:10
  • Yn de nacht fan woansdei op tongersdei krige it sebrapaad alle kleuren
  • It sebrapaad nei in nacht ferfjen

It langste sebrapaad fan Ljouwert foar it Stasjonsplein is yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn de kleuren fan de reinbôge ferve. De aksje fan VVD Ljouwert, Groep Brakenhoff, Tûmba en COC Fryslân is in statement foar in kleurrike samenleving en gelikense rjochten foar homo's. Twatredde fan de homo's hat wolris te krijen mei geweld, sa'n 40 persint fan de Nederlanners hat argewaasje fan homoseksualiteit.

Yn ferskate Nederlanske stêden binne sebrapaden ynkleure.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)