Van Dijk haadredakteur NDC

19 sep 2013 - 09:45
  • Evert van Dijk

Evert van Dijk is de nije algemien haadredakteur fan de deiblêden fan de NDC Mediagroep. Dat binne de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en it Dagblad van het Noorden. Dy kranten hawwe fan 1 oktober ôf ien redaksjonele organisaasje, mar bliuwe as titels neist elkoar bestean. Hans Snijder bliuwt haadredakteur fan de LC, Lútsen Kooistra dy fan it FD.

De nije algemien haadredakteur Evert van Dijk wurket al sûnt 1991 foar de krante-útjouwerij, earst foar it Nieuwsblad van het Noorden en letter foar it Dagblad van het Noorden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)