L'lân wiis mei beslút skalygas

(fotofoarbyld)
De gemeente Lemsterlân is wiis mei it beslút fan it kabinet om de proefboarring nei skalygas út te stellen. Minister Kamp makke woansdei bekend dat der earst noch neier ûndersyk dien wurde moat. Neffens wethâlder Wesselius fan Lemsterlân is dat ferstannich. Boarrings nei skalygas kinne neffens him pas oan de oarder wêze as folslein dúdlik is wat de gefolgen binne foar de omjouwing. Ek mei der gjin gefaar foar omwenners wêze.
De Noardeastpolder wie ien fan de plakken dêr't mooglik boarre wurde soe. Lemsterlân hie dêr grutte soargen oer.