Cambuur ferleget busprizen

18 sep 2013 - 22:09

De direksje en de supportersferiening fan Cambuur hawwe de prizen foar de ferplichte buskomby's nei útwedstriden ferlege. De supporters wiene net bliid mei de hege kosten fan it ferplichte ferfier. Dêrom binne de prizen foar de rest fan it seizoen 30 euro foar leden fan de 'Kern van Cambuur' en 35 euro foar net-leden.

Dit betsjut wol dat Cambuur en de supportersferiening in part fan de kosten bylizze moatte. De ferleging jildt al foar de wedstriid fan takom freed tsjin Go Ahead Eagles.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)