Natoer smyt hûnderten banen op

18 sep 2013 - 21:45

De oanlis fan nije natoer en it ûnderhâlden fan de besteande natoer smyt yn Fryslân hûnderten nije banen op. Dat docht bliken út it natoerakkoart dat woansdei yn Den Haag sletten waard. Dêryn is ôfpraten dat it behear en de oanlis fan nije natoernetwurken yn hannen komt fan de provinsjes.

Foar dizze eardere Ekologyske Haadstruktuer is oant 2017 800 miljoen euro beskikber. Dêrnei giet it alle jieren om 200 miljoen euro. In part fan dat jild wurdt yn Fryslân stutsen yn it agraryske natoerbehear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)