Brief oer Thialf nei EU

De Provinsje hat in lange brief stjoerd nei de Europeeske Kommisje om út te lizzen wêrom't de 50 miljoen dy't útlutsen is foar Thialf gjin steatsstipe is. Der binne fan ferskate kanten fraachtekens setten by it grutte subsydzje-bedrach foar de bou fan it nije iisstadion.
Neffens deputearre Konst hoecht de keuring troch de Europeeske Kommisje net foar fertraging te soargjen. As alles goed giet kin der oer twa moanne in beslút lizze. Mocht it toch langer duorje dan krijt de Thialf-wurkgroep in liening om alfêst mei de bou útein te setten.