Mear ûndersyk dioksine-aaien

De gemeente Harns, GGD, de Voedsel- en Warenautoriteit en de Veiligheidsregio Fryslân binne dwaande mei de tariedings fan in ferfolchûndersyk nei de dioksine-aaien. Oant no ta like benammen de Voedsel- en Warenautoriteit dêr niet hiel entûsjast oer, mar se praat wol mei.
It kin neffens boargemaster Roel Sluiter noch wol eefkes duorje foardat it ûndersyk begjint. De kommende wike wurdt benammen praat oer it ûndersyksplan. Sluiter melde woansdei yn de gemeenteried ek noch dat it ynformaasjenûmer fan de GGD 12 kear belle is.