'Fryslân skalygasfrij'

Gaswinning © ANP
Provinsjale Steaten hat woansdei in moasje oannommen tsjin boarrings nei skalygas yn Fryslân. De moasje wie in inisjatyf fan SP, Friese Koers, GrienLinks, PvdA en FNP. Neffens de yntsjinners binne de gefolgen fan it winnen fan skalygas ûnfoldwaande ûndersocht. Ek fine se dat de winning net past yn de Fryske fisy op duorsum gebrûk fan de grûn. Mei it oannimmen fan de moasje hawwe de partijen Fryslân útroppen ta skalygasfrije provinsje.
Minister Henk Kamp makke woansdei bekend dat it beslút oer de boarrings mei oardel jier útsteld wurdt.