Opposysje: Konst fan Thialf ôf

18 sep 2013 - 17:27

Fjouwer opposysjepartijen hawwe woansdei deputearre Hans Konst frege him net langer te bemuoien mei it nije Thialf. Neffens de VVD, Grienlinks, Friese Koers en de PVV hat Konst yn de rin fan de jierren safolle stekken falle litten dat it better is as it dossier Thialf in frisse start krijt.

De PVV hie in ynterpellaasjedebat oanfrege oer Thialf nei't bekend wurden is dat it Fryske iisstadion definityf net de topsportstatus krijt. Boppedat binne der fraachtekens by de 50 miljoen dy't út de steaten beskikber steld binne oan de bou fan Thialf.

Mooglik falt dat ûnder ferbeane steatsstipe en de Europeeske Kommisje sil dêr letter dit jier oer beslute. De opposysjepartijen binne dêr fernuvere oer om't sy der fanút giene dat dat yn it foar goed útsocht wie. Konst hat al sein net fan doel te wêzen Thialf oer te dragen oan in oare deputearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)