Jild foar fiskmigraasje

18 sep 2013 - 15:44
  • Plan fiskmigraasje

De provinsje stekt trije ton yn de ûntwikkeling fan de fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk. Dat is bekendmakke op de saneamde wetterdei op de tydlike Fryske ambassade yn Den Haag. De rivier moat derfoar soargje dat fisk sûnder problemen fan de Iselmar nei de Waadsee swimme kinne. It doel is de fiskstân yn de Iselmar te ferbetterjen. Mei inoar is der no oardel miljoen euro beskikber foar de ûntwikkeling fan de plannen. It projekt moat útfierd wurde as de Ofslútdyk oanpakt wurdt.

De rivier krijt in lingte fan seis kilometer en wurdt oanlein op twa lytse skiereilantsjes by Koarnwertersân. As it projekt trochgiet, wurde de kosten rûsd op in santich mljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)