Bonnema yn nije opera Tryater

18 sep 2013 - 13:03

Tenor Albert Bonnema docht mei oan de strjitopera De IIskeninginne dy't Tryater yn de maaitiid fan 2014 opfiert. Oare solisten binne mezzosopraan Janneke Schaareman en sopraan Wiebke Göetjes. It stik nei it mearke fan Hans Christian Andersen wurdt yn Ljouwert spile. De strjitopera begjint foar it nije Fries museum, giet dwers troch de stêd en einiget by De Harmonie. Frysk en Nederlânsk wikselje inoar ôf yn dizze lokaasjefoarstelling. Tryater siket noch 100 koarleden. De audysjes dêrfoar binne 5 en 14 oktober.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)