Fúzjegemeente NoardwestFryslân

18 sep 2013 - 11:43

De gemeenten Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en fjouwer doarpen fan Littenseradiel fusearje op uterlik 1 jannewaris 2018. Dat foarstel ha de kolleezjes woansdei dien. De wurknamme foar de fúzjegemeente is Westergo. De ferskate gemeenterieden nimme yn oktober in beslút oer it útstel. Haadplak wurdt Frjentsjer, der wenje 47.000 ynwenners ferspraat oer 42 doarpen.

De provinsje stimt yn mei de fúzje, al hie oansluting fan Harns de foarkar. Fan Littenseradiel giet it om de plakken Baaium, Spannum, Wjelsryp en Winsum.

Harns docht net mei, mar de doar stiet iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)