Dongeradeel Sociaal op 'e list

Stimbus © Omrop Fryslân, Douwe Boersma
De partij Dongeradeel Sociaal docht takom jier mei oan de gemeenteriedsferkiezings yn Dongeradiel. De partij is in gearwurking fan GrienLinks en de fraksje De Vries/Van der Galiën. Beide partijen ha al in pear moanne kontakt mei mekoar. Sûnt juny riede se tegearre riedsfergaderingen ta. Neffens beëage listlûker Jouke Douwe de Vries stiet Dongeradeel Sociaal iepen foar gearwurking mei mear partijen. Ien fan de spearpunten fan de partij is dat Dongerdiel, Dantumadiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel sa gau as mooglik fusearje moatte.
Doelstelling is fjouwer sitten te heljen by de ferkiezings.